Brassband Looft den Heer
Neffens it oantekenboek fan de feriening wie de oanlieding ta de oprjochting it befrijingsfeest yn 1945. It feest wie slagge, sa waard der skreaun, mar men miste in eigen muzykkorps. Lykas wy dat yn ús doarpen wend binne, waarden der spikers mei koppen slein. Der waard in gearkomste belein en noch dyselde jûn, 17 maaie 1945, waard it korps, dat noch net iens offisjeel oprjochte wie, foarsjoen fan de namme ‘Looft den Heer’. Sinten wiene der net, in bestjoer ek net en al hielendal gjin ynstruminten, mar dat lette neat. Der kaam in jildaksje en der waard in dirigint oansteld. Dy kaam alle tiisdeitejûnen om teoryles te jaan, want toeters wiene der pas op 12 oktober fan dat jier. Fjouwer dagen letter, op tiisdei 16 oktober waarden de ynstruminten ferdield ûnder de leden. Dat wie noch in hiel karwei, want der wienen mear leden as ynstruminten…
Yn desimber fan datselde jier spile Looft den Heer foar it earst yn it iepenbier, by in krystútfiering fan it koar Halleluja. Der waarden acht nûmers spile en it earste wie, hoe koe it ek oars fansels, Psalm 150: de Psalm dêr ’t ús korps de namme oan ûntliend.
Fanfare Looft den Heer (want dat wie it korps doe) die it mar knap. Yn in pear jier tiid klom it korps op nei de 1e ôfdieling. Doe kaam de klad der wat yn. It ledetal rûn werom, fersterking moast komme út Britsum en der waard alle war dien om mear leden te krijen, want ‘anders moeten wij ophouden te bestaan’. Der kaam in muzykoplieding en dat hat Looft den Heer rêden. It ledetal rûn wer op en yn 1974 kaam der sels in jeugdkorps by.
Yn 1983 waard de fanfare in brassband. It is makliker om de besetting fan in brassband op peil te hâlden, om ’t der no ien kear minder ynstruminten foar nedich binne. Mei diriginten Piet van der Heide (1984-1999), Jochem Hoekstra (1999-2006), Paulus de Jong (2006-2016) en sûnt 2016 Gijs Heusinkveld, waard Looft den Heer in fêste wearde yn de Tredde Difyzje. No en dan in titel en hiel inkeld ris in útsjitter nei ûnderen ta yn de klassearring, mar oer it generaal goed foar in plak yn de top. Yn 2018 krige Brassband Looft den Heer de kampioensbeker fan de Tredde Difyzje definityf mei nei Bitgummole, om’t wy him it jier dêrfoar foar de fyfde kear wûn hiene. De nije beker, foar it earst útrikt yn 2018, gong ek mei nei Bitgummole, wy waarden op’e nij kampioen fan Nederlân. Om’t wy yn 2018 ek in Earste Priis mei Promoasje helle ha op it Bondsconcours, meitsje wy yn 2019 de oerstap nei de Twadde Difyzje.
It korps lit him fansels ek geregeld hearre yn de eigen doarpen. Keningsdei, doarpsfeest, Pinkstertsjinst, Krystkonsert, donateurskonsert, Anjerfondskollekte, Looft den Heer is gauris te hearren en te sjen. En dan heart ek sa, want om ús korps draaiende te hâlden dogge wy fansels ek in berop op de mienskip.
Om in byld te sketsen fan ús konserten, hjir in link nei YouTube, ús optreden op Survento 2018 en Survento 2017
Of fan ús konkoersdielname yn 2018, dêr’t wy rjocht op promoasje ôftwongen.
Foar 2019 ha wy de folgjende aktiviteiten op it program:
- Sneon 16 maart Donateurskonsert PKN-tsjerke Bitgummole 20:00
- Sneon 30 maart Jeugd solistefestival Waadklank, Molewjuk Bitgummole 10:00 – 17:30
- Sneon 6 april Borrelkonsert ism fanfare Concordia, ’t Anker, Elsloo 20:00
- Sneon 27 april Rommelmerk, Molewjuk Bitgummole 13:00
- Freed 24 maaie Optocht troch Bitgum, Bitgummole, Ingelum 18:30